bg_top (24K)

By Poortema & Van Roosmalen binne jo op it júste adres foar jo bedriuwsadministraasje en juridyske fraachstikken. It makket net ût oft jo bedriuw al jierren oanien bestiet of dat jo krek útein setten binne, wy biede jo in pakket op maat.

It starterspakket is spesjaal gearstalt foar ûndernimmers dy´t foar harren sels begjinne wolle of koartlyn (< 18 moannen) in eigen bedriuw begûn binne. Wy joue advys oer it opsetten fan jo bedriuwsadministraasje, mei hokkers aken jo rekken hâlde moatte en wy ûnderstypje jo by jo fearnsjieroanjefte. Yn it pakket is ek de ûtwurking fan jo jierrekken opnommen. In ideaal pakket om tsjen in skerp taryf wis te wêzen fan in goed begjin fan jo eigen bedriuw!

It Starterspakket

  • Advyspetear
  • Opsetten fan jo bedriuwsadministraasje
  • Ûnderstipe fearnsjieroanjefte
  • Jierrekken

Ynformearje jo frijbliuwend nei it Starterspakket.

Waakst jo bedriuw en wurde jo finansjele en fiskale fraachstikken komplekser? Ek dan kinne wy jo fansels in passend pakket oanbiede. Wy wurkje op in earlike en iepen wize: jo betelje allinnich foar bestege oeren en net foar hege fêste bedriuwskosten. Dus gjin fêste kontrakten, mar tsjinstferliening mei betrouwen.

bedriuw